Fryske Parsepriis 2013 foar Sjoerd Hoekstra en Jan Wagenaar

It wie it nijs fan it jier, de oanhâlding fan de moardner fan Marianne Vaatstra. Nei 13 jier koe, tanksij it DNA-ferwantskipsûndersyk, in ynwenner fan Aldwâld arresteard wurde. It soarge op twa plakken foar in soad ekstra kommoasje. Aldwâld, fansels, as wenplak fan de fertochte, mar ek De Westereen, it doarp dêr’t Marianne weikaam.

De parse dûkte massaal op beide mienskippen. Yn al dy turbulinsje moasten de foarsitters fan Doarpsbelang kear op kear útlizze wat de streek der fan fûn. En dat dienen se, sûnder mediatrening, earlik en rjocht foar syn raap. Mar ek mei begryp foar de oar. En se bleaunen oansprekber, ek doe’t de “grutte” media wer op syk gienen nei it folgjende ferhaal. Dy weardichheid, dy goeie toan, en it feit dat beiden de publisiteit “gezocht noch geschuwd” hawwe, makket dat wy Jan Wagenaar (De Westereen) en Sjoerd Hoekstra (Aldwâld) dit jier de Fryske Parsepriis jaan wolle.

uitreiking-friese-persprijs

oorkonde-friese-persprijs